Sneon 29 juli wie de feestpartij by Kf de Trije Doarpen, sponsore troch De Alde Stjelp Totaal Afbouw en Assurantiekantoor A.C. Mol, een traditie die´t warskynlyk geboren is. Hast eltsenien hie gehoar joen oan de oprop om ferklaaid te kommen. It waar een prachtige en geselliche dei mei skitterend keatswaar. Foar alle jeugd wie der een atentie en der wiene priizen te winnen foar sitballen, boppeslagen en sels foar de earste bal die ût wie by de senioren. Dizze leste priis wie een sekje siepels en dizze waar won troch Richtje en Sjouke. De blomkoal foar de 1ste keats foarby nei de buzzer wie foar Martin en Sjouke.
By de welpkes wiene 3 partoer, die keatsten allegear een kear tsjin elkoar. De krâns gie nei Jildert en Dylano.
De pupillen keatsten yn een poule mei 4 partoerkes. Hjir wie it spannend om de twadde priis die beslist waar op tsjinearsten. De twadde priis gie nei Rianne, Wiebe Geart en Sijmen. De 1ste priis gie nei it twatal Sietse en Elwin.
De aldste categorie by de jeugd waar ferkeatst fia it Belgisch systeem. 3x Keatse en degene my de measte earsten wint. Hjir wie gjin enkel partuur dat alle 3 partijen yn winst omsette koe. It wie dus tige spannend oan de ein ta. De krânsen giene uteindelijk nei Wybren en Laura mei 19 earsten, de 2de priis wie foar Hilde en Fenna.
De senioren mei de grutte bal hiene een soart wille. Hjir waar ek yn een poule keatst en waar de 1ste priis op tsjin earsten beslist. De winst wie foar Wiebe en Tjimkje, de 2de priis gie nei Gert Jan en Joanne.
De senioren mei de gewoane keatsbal makken der ek een echte finale fan nei 2 omlopen. It partoer fan Jan en Watze hie 2x won en it partoer fan Suzanna, Klaas en Marcel hie 1x won en een keer ferlern mei 5-5 6-4. It koe alle kanten noch op, en it gie lang gelyk op. Tot it partoer fan Suzanna nei 3-3 de foarsprong pakte en dizze net mear foart joech. De 1ste priis gie dus nei Suzanna, Klaas en Marcel, de 2de wie foar Jan en Watze.